Mishanneling yn Ljouwert

18 aug 2000 - 18:29

In 24-jierrige Ljouwerter is tongersdei yn syn wenplak mishannele. Hy fytste by it Cambuurstadion, doe't er ynhelle en ôfsnijd waard troch in auto. De man kaam dêrby te fallen.

Ut de auto kamen trije manlju, dy't de man op de holle sloegen en him yn 'e rêch skopten. Doe't der minsken oankamen, naaide it spul gau út. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)