Lytse poppe ferwûne

18 aug 2000 - 18:09

By in ûngelok op de Marwei ûnder Aldtsjerk binne tongersdeitemiddei in lytse poppe fan njoggen moanne en twa folwoeksenen ferwûne rekke.

De 21-jierrige bestjoerder wie yn 'e sliep fallen. Doe't er yn 'e berm kaam, skrok er wekker. Trochdat de man oan it stjoer skuorde, kaam de auto tsjin in beam en einige op 'e kop yn 'e sleat. De ynsittenden binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)