Moaie winst foar Grondsma

18 aug 2000 - 16:29
Foto: Omrop Fryslân

Nei in spannende wedstriid hat Jitze Grondsma tongersdei de fiifde IFKS-wedstriid wûn. De stive wyn op de Tsjûkemar soarge foar in moaie striid. Grondsma helle healweis Jacob Huisman yn en stie it earste plak net mear ôf.

Huisman ferlear flak foar de finish ek it twadde plak, oan Jentsje Schraa dy't him knap foarbysylde. Tony Brundel waard nei in grutte opmars fjirde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)