Ankers drok mei saak Klinkhamer

18 aug 2000 - 11:14

Advokatekantoar Anker en Anker wurdt platbelle troch (bûtenlânske) media oer de saak Klinkhamer. It kantoar hat sels in meiwurker spesjaal frijmakke om de media te wurd te stean.

Skriuwer Richard Klinkhamer út Grinslân moat oare wike terjocht stean foar de moard op syn frou. Njoggen jier lyn hat er har deaslein en dêr letter in boek oer skreaun. De Ankers ferdigenje him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)