Tektronix slút doarren
Tektronix ferdwynt út Hearrenfean. It bedriuw is sûnt jannewaris yn hannen fan Xerox. Dat wol it wurk fan Tektronix no oerbringe nei in fêstiging yn Venray, om't dat goedkeaper is.
Tektronix reparearret en ferstjoert printers en ûnderdielen. It noch frij nije distribúsjesintrum moat takom maitiid slute. In part fan de 117 wurknimmers kin miskien mei nei Venray.