Wommels wint jongeskeatsen

17 aug 2000 - 18:17
Foto: Omrop Fryslân

Kees Adema, Hendrik Engbrenghof en Jacob Klaas Haitsma fan Wommels ha woansdei yn Jellum-Bears it jongeskeatsen wûn. Wommels wie by de revânsFreule te sterk foar it partoer fan Broeksterwâld: 5-3, 6-3.

Beide finalisten hienen in maklike heale finale hân. Wommels wûn deryn mei 5-1, 6-0 fan Easterlittens. Broeksterwâld weefde ôf mei Sint Anne: 5-1, 6-4.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)