Fleantúchsteller noch yn libben?

17 aug 2000 - 12:09

De man dy't moandei útnaaid is mei in stellen fleantúchje, libbet wierskynlik noch. De kustwacht hat oanwizings dat er mei de Cessna fan It Amelân nei Denemarken flein is.

De man hat nei de stellerij noch besocht te beljen nei Amsterdam, mei in collectcall. Dat waard lykwols net oannommen. Ek blykt er in soad fleanûnderfining te hawwen. De Cessna is noch net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)