Undersyk nei legionellabaktearje
Nuon-Wetter kontrolearret twa- oant fiiftûzen Fryske bedriuwen op har waarmwettersystemen. Bedriuwen mei gefoelichheid foar de legionellabaktearje, lykas soarchynstellingen en sporthallen, krije in kontroleur op besite.
It ûndersyk is in opdracht fan it ministearje fan Folkssûnens. Der is in nije wetterliedingwet oannommen.