Famke tenei kommen
By Koartehimmen is tiisdei in 15-jierrich famke út Beetstersweach tenei kommen. Se fytste fan Drachten nei hûs, doe't in jonge har ynhelle en frege oft se wat te smoken hie.
Doe't it famke net antwurde, pakte de jonge har by it liif sadat se foel. Hy die har doe ûnearbere foarstellen. Doe't it famke begûn te razen, naaide de jonge hurd út. De plysje siket tsjûgen.