Twadde winst foar Huisman
Jacob Huisman hat tiisdei by Heech it IFKS-skûtsjesilen wûn. It wie syn twadde winst, moandei wûn er ek al. Meyer waard twadde, Bandstra tredde.
Fanwege falske starts moast der trije kear begûn wurde. Kânshawwers foar it klassemint Grondsma en Brundel kamen net út de middenmoat wei. Klassemintslieder De Vreeze einige yn 'e achterhoede. Meyer is no lieder yn it klassemint.