Wer selstraf foar aaismiters

© Omrop Fryslân
Alle fjouwer 'Kollumer aaismiters' binne tiisdei yn heger berop feroardield ta in wike selstraf. Neffens it heger gerjochtshôf binne se skuldich oan iepenlike geweldpleging.
De manlju bekûgelen boargemaster Visser fan Kollumerlân op in ynformaasjejûn oer asylsikers. Trije fan har hienen al in strafblêd, dêrom is har straf relatyf heech. De straf is konform de eask.