Priis iel op rekordhichte

15 aug 2000 - 19:18

Iel kostet mear as ea. In pûn Iselmariel moat tusken de 30 en 35 gûne opbringe. Guon restaurants hawwe de iel al net mear op de kaart stean.

De hege priis wurdt ûnder mear feroarsake troch de grutte fraach nei iel by fakânsjefolk. Boppedat is it oanbod lytser troch fangstbeheinings fan de oerheid en om't guon fiskers no op oare soarten fiskje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)