Huisman wint IFKS-silen

15 aug 2000 - 16:54
Foto: Omrop Fryslân

Jacob Huisman hat moandei de twadde wedstriid by it IFKS-skûtsjesilen wûn. By Starum hie Huisman in maklike winst. Hy hie al gau in grutte foarsprong. Ek om de oare plakken wie net in soad striid.

Twadde waard Jitze Grondsma, tredde Sieb Meyer. Favoryt Tony Brundel rekke min fuort, mar koe noch wat plakjes opskowe. De Vreeze liedt it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)