Hoareka iens mei FNV-aksje

© Omrop Fryslân
Frysk hoarekapersoniel stipet de aksje fan it fakbûn FNV om de sneinstaslach te behâlden. In pear hûndert wurknimmers tekenen moandei de aksjekaart. Yn de nije CAO stiet de sneinstaslach faai.
De aksje is in inisjatyf fan de FNV. Leden brochten ûnder oare besites oan McDonald's op De Lemmer en It Hearrenfean, Golden Tulip yn Drachten. By Lauswolt yn Beetstersweach kamen se net binnen.