Grouster skûtsje krijt stânbyld

15 aug 2000 - 11:54
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Boarnsterhim en Grou Aktyf sammelje jild yn foar in stânbyld foar it Grouster skûtsje. Dat waard freed kampioen by it SKS-silen, foar it earst sûnt 1972.

Foar it byld is sechtichtûzen gûne nedich. Dêrfan is sneon by de huldiging al tolvetûzen ophelle. It is noch net dúdlik wêr't it byld stean moat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)