Ynslach yn Murns

14 aug 2000 - 15:02
Foto: Omrop Fryslân

Moandeitemoarn is de wjerljocht ynslein yn in gebou by in pleats yn Murns. In man út Oudesluis ried mei frou en bern by de pleats lâns, doe't it ynsloech.

Troch hurd te toeterjen koe de automobilist de eigner fan de pleats wekker krije. Mei help fan omwenjenden wisten de manlju de begjinnende brân út te krijen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)