Soad publyk by hynders Kûbaard

© Omrop Fryslân
It hynstespektakel yn Kûbaard luts sneon in protte publyk. Likernôch 5000 besikers wienen by de maraton fan 14 kilometer foar hynder en wein oanwêzich. Der wienen 90 dielnimmers dy't in parkoers mei 10 hindernissen ôflizze moasten.
It spektakel waard foar de fjirtjinde kear organisearre. Kûbaard is it grutste evenemint yn Nederlân wat it hynstemennen oanbelanget.