Mink kampioen sûnder te silen

12 aug 2000 - 18:35

Kampioen by it SKS-skûtsjesilen wie skipper Berend Mink fan it Grouster skûtsje al. Freed koe er syn kampioenskip net nóch mear glâns jaan; it silen op de Snitsermar gie net troch, om't der gjin wyn wie.

Der koe dus net syld wurde om it twadde plak, in striid dy't noch iepen wie. Dat plak bliuwt foar De Lemmer, Ljouwert (ferline jier winner) waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)