Tsjerkje lûkt soad keapers

12 aug 2000 - 16:45

Der is in soad ynteresse foar it tsjerkje yn Appelskea dat te keap stiet. Sûnt bekend is dat it gebou te keap is, hat de makelder al 15 gadingmakkers oan de tillefoan hân. De Trefkerk, út 1903, moat 150 tûzen gûne kostje.

De takomstige eigners kinne de tsjerke allinnich mar keapje mei de grûn dêr't de tsjerke op stiet. It tsjerkhôf bliuwt eigendom fan de herfoarme mienskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)