Kâns op Fryske bargepest 'lyts'

12 aug 2000 - 14:03

Lânbouorganisaasje NLTO neamt de kâns lyts dat de bargepest op 'e nij Fryke boeren treft. Yn Fryslân wurde hast gjin Britse bargen ymportearre.

De NLTO bliuwt lykwols hoeden om't it mooglik is dat besmette bargen út oare parten fan it lân hjirhinne kaam binne. Fanwege de ynkubaasjetiid fan 3 wike duorret it noch even ear't it hielendal wis is oft de sykte Fryslân foarbygiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)