Grou, alwer ...

10 aug 2000 - 18:43

Grou hat woansdei by De Lemmer wer it SKS-skûtsjesilen wûn. Berend Mink en syn manlju koenen de fyfde oerwinning byskriuwe. Allinnich yn teory binne sy noch fan de titel ôf te hâlden.

Der stie woansdei net in soad wyn en Earnewâld koe dêrfan profitearje. Pieter S. Brouwer lei in skoft earste mar waard úteinlik twadde. Snits wie trije. De Jouwer krige wer in protest tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)