Mooglik golfbaan Gaasterlân

10 aug 2000 - 12:18

Gaasterlân-Sleat krijt mooglik dochs in nije golfbaan. De stichting krijt mear as twa miljoen gûne fan it ryk foar de oanlis. Earder blokkearre de Steatsried de golfbaanplannen om't se stridich wienen mei it natuerûntwikkelingsgebiet.

It ryk stelt as betingst dat de baan der binnen twa jier lizze moat. Dat kin noch drege juridyske prosedueres as gefolch ha, om't de Rie al in útspraak dien hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)