Kontrôle op 'simmerhúskes'

© Omrop Fryslân
De gemeente Skylge kontrolearret in healjier yntinsyf op it brûken fan gewoane wenningen as simmerhúskes. Mei de oanpak wol de gemeente de wenningneed werombringe. De ferwachting is dat 50 oant 100 keaphuzen beskikber komme.
Yn it healjier moat de eigner op syn minst 92 dagen, de helte fan de perioade yn it hûs wenje. As dat net sa is, kin er ferplichte wurde syn hûs ôf te stean.