Brêge by Stroobos ticht

08 aug 2000 - 11:15

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Stroobos wurdt ein fan de wike sluten foar beladen frachtferkear. De brêge is der te min oan ta. Ien bedriuw hat al sein skeafergoeding te easkjen om't der no in ein omriden wurde moat.

Al jierren is der bekend dat der ûnderhâld oan de brêge plakfine moat. Troch jildkrapte komt it dêr net fan. De brêge kin pas yn 2003 ferfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)