Rimmer Abma ljept oer 18 meter

© Omrop Fryslân
Rimmer Abma hat sneon yn de Westerein by de 1eklasfierljepwedstriid in sprong makke fan 18.34. It is hast twa jier lyn dat de ljepper út Heech sa fier kaam. Hy sprong de finale net om't er him sparje woe foar it kommende Frysk Kampioenskip.
By de jonges wûn Reinder Steenbeek mei 15.41. Antke van der Wal wie de bêste by de froulju mei 14.95. By de junioaren waard Bart Helmhout earste mei 17.43.