Japanske oester bedriget kokkel

07 aug 2000 - 17:02

It belied foar de kokkelfiskerij moat mooglik stranger wurde troch it oprukken fan de Japanske oester yn de Waadsee. Dat seit de Waadferiening.

De Japanske oester fret it iten op fan de kokkels en de moksels. Dêrtroch rint it tal kokkels nei alle gedachten op termyn flink werom. Dat soe wer ynhâlde dat de fûgels op it Waad te min fretten hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)