Nije oprop DNA-ûndersyk

07 aug 2000 - 16:46

Der komt in nije oprop foar it DNAûndersyk yn de Vaatstra-saak. De aksje om frijwillich DNA-materiaal ôf te stean hat oant no ta 400 reaksjes opsmiten.

Neffens justysje is de dieder ôfkomstich út de omkriten fan it plak fan de moard. Yn in straal fan 15 kilometer wenje 20.000 manlju tusken 20 en 45 jier. De inisjatyfnimmers wolle op syn minst tûzen oanmeldings hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)