Aldere man ferûngemakke

07 aug 2000 - 13:22

In 82-jierrige man út Boarnburgum is freed om it libben kommen by in ûngemak op de Feanhoop. De man fytste op de Kanaaldyk. Op in krusing seach er in auto oer de holle.

De bestjoerder fan de auto, in 26-jierrige man út Oentsjerk, hie foarrang. Hy koe in oanriding net mear tefoaren komme. De man is op it plak fan de botsing ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)