Boatsjes dobberje op it wetter

06 aug 2000 - 14:53

De earste sylboatsjes fan de Splashklasse wienen sneontemoarn op it wetter by Snits. It gie om de earste offisjele wedstriid fan de Snitswike. Healweis waard de wedstriid lykwols ôfbrutsen om't de wyn lizzen gong.

De Snitswike is it grutste evenemint yn Europa op binnenwetters. It tal dielnimmers is likernôch itselde as foarich jier. Der binne ek bûtenlânske gasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)