'Wêr bisto' yn mega top-100

© Omrop Fryslân
It nûmer 'Wêr bisto' fan Twarres wurdt fêst in top-10-hit. Dat ferwachtet Daniël Dekker, discjockey by de Tros en presintator fan de Mega top-100.
It Frysktalige nûmer is yn Fryslân al lang bekend, mar slacht no ek oan yn de rest fan Nederlân. Foar it earst steane no twa Frysktalige lieten yn de Mega top-100. De Kast en Maaike Schuurmans steane mei 'Wa't ik bin' op 28.