Presintaasje SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean presintearre freed de seleksje oan de parse. Foarsitter Riemer van de Velde hat alle fertrouwen yn it kommende fuotbalseizoen fan syn klub. De ploech spilet yn de Champions League.
It stadion wurdt ferboud, om oan de easken fan de UEFA te foldwaan. Der is twa kear safolle ljocht kommen, de parsetribune is útwreide en de kapasiteit fan de hoareka is grutter.