Sintrale by Burgum wer iepen

04 aug 2000 - 16:52
Foto: Omrop Fryslân

De elektrisiteitssintrale fan de EPON by Burgum sil meikoarten wer draaie. In bûtenlânske stroomprodusint fêstiget him yn de sintrale.

De sintrale waard yn jannewaris neffens ôfspraak sletten, mar kostet de EPON oan ûnderhâld noch miljoenen. De gearwurkjende elektrisiteitssintrales wienen tsjin ferhier, mar de rjochter hat de EPON dêr tastimming foar jûn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)