Auto's meie net mear te keap set

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert meie fan tongersdei ôf op in grut tal plakken gjin auto's mear te keap set wurde. It ferbod jildt foar 17 strjitten en parkearplakken. Dêrby binne de rûnwei fan Ljouwert en de parkearplakken fan belangrike winkelsintra.
Neffens de gemeente bart it hieltyd faker dat partikulieren en hannelers auto's te keap sette. Der bliuwt dan minder plak foar oare auto's oer.