Ekstra bewaking ferrint goed

© Omrop Fryslân
De ekstra befeiliging yn de haven fan Grou yn ferbân mei de saneamde 'schuimparty's' docht fertuten. Om't it wyklikse feest yn diskoteek de Treemter safolle besikers lûkt, koene de havenmasters de drokte nachts net mear oan.
Om de druk wat te minder te meitsjen en gruttere problemen foar te kommen, is der no ekstra bewaking yn it libben roppen en dat liket te wurkjen.