Oanhâldings yn PC-nacht

03 aug 2000 - 16:02

Yn Frjentsjer binne yn 'e nacht nei de PC trije minsken oanholden. In 22jierrige Boalserter brocht de Hitlergroet nei't er in kafee útset wie en dêr troch de plysje op oansprutsen waard.

In 24-jierrige Jorwerter en in man fan 35 út Hilaard woene it plysjeburo yn Frjentsjer yngean. Doe't se net fuortgean woenen, binnen se oanholden en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)