Lanskipsfinsters by Terherne

© Omrop Fryslân
Terherne hat der wer in attraksje by. Op 9 plakken yn en om it doarp binne saneamde lânskipsfinsters delsetten, metalen frames dêr't minsken it lânskip troch sjen kinne as troch in kamera. By elk finster stiet in gedicht.
De finsters foarmje mei-inoar de `Watergedichten wandel- en fietsroute'. Doel is dat der geregeld oare gedichten komme, dy't ferwize nei it seizoen.