Grou wint op 'e nij yn Earnewâld

02 aug 2000 - 16:36

De tredde wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen yn Earnewâld is wûn troch Grou. It is de twadde kear dat Berend Mink it earste plak opeasket. De Jouwer kaam as twadde binnen en Snits einige as tredde.

De skippers moasten linich lavearje op it wetter. De fok fan Earnewâld bruts mei in klap midstwa en in man rekke oer board. Brouwer krige dêrtroch faasje en waard sechde. Der wienen gjin protesten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)