Undersyk oanlis ruterpaden

01 aug 2000 - 18:43

Ruterpaden moatte rekreaasje en toerisme yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel in ympuls jaan. Beide gemeenten litte de mooglikheid foar de oanlis fan rutertrajekten troch in buro ûndersykje.

De hynstesport is populêr yn de streek, der binne alle jierren grutte hynsteeveneminten yn ûnder oare Droegeham en Bûtenpost. Oft de eventuele oanlis ek te beteljen is, moat noch besjoen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)