Sjitterij yn De Westerein

© Omrop Fryslân
Yn de Westerein binne sneon twa manlju oanholden fanwege ferbean wapenbesit. It giet om in 24-jierrige man fan De Westerein en in 31-jierrige Hearrenfeanster. De man út It Fean soe sketten ha op in man út Akkrum.
De Akkrumer siet te fiskjen doe't er in pear manlju seach en sjitten hearde. Doe't der in kûgeltsje foar him yn it wetter foel, warskôge er de plysje.