Snits wol syn besikers kenne

© Omrop Fryslân
Snits wol witte hokker minsken de stêd besykje en mei watfoar reden. Dat wie de ynstek fan in grutte enkête dy't ferline wike holden waard yn Snits.
Neffens wethâlder Middelhof is sa'n enkête nedich om 't de gemeente net in goed byld hat fan de ynfloed fan toeristen. De gemeente wol mei de resultaten fan it ûndersyk de konkurrinsjeposysje fan Snits fersterkje.