Boer beskuldiget Rendac

31 jul 2000 - 17:11

Rendac út Burgum neamt de beskuldiging fan in boer út de Achterhoeke ûnsin. Boer Roosengaarde fertinkt it fabryk derfan dat de molke fan syn sike fee ta feefoeder ferwurke wurdt yn plak fan dat de molke ferneatige wurdt.

It bedriuw fan Roosengaarde is al acht moannen op slot om't de kij besmet binne mei it IBR-faksin. It IM ûndersiket de klacht fan de boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)