Heger beropssaak 'aaiesmiters'

31 jul 2000 - 10:11

De saak fan de saneamde Kollumer aaiesmiters wurdt tiisdei behannele yn Ljouwert. Fjouwer fan de seis mannen tekenen heger berop oan tsjin it fonnis fan de rjochter desimber ferline jier.

De rjochter feroardiele de mannen ta trije wiken selstraf. Se hienen aaien nei boargemaster Visser goaid op in byienkomst yn oktober oer de bou fan in asylsikerssintrum yn Kollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)