Asylsiker Togo ûntkent moard

© Omrop Fryslân
De 15-jierrige asylsiker út Togo seit dat net hy, mar twa yndringers syn 16-jierrige húsgenoat om it libben brocht ha. Dy soene de jonge moandei mei messtekken fermoarde hawwe.
De fertochte asylsiker stie neffens eigen sizzen op it momint fan 'e moard ûnder de dûs en fûn it slachtoffer doe't er ûnder kaam. Justysje hat noch net reagearre op de ferklearring.