Deadlik ûngemak by Harns

30 jul 2000 - 16:12
Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrige jonge út Ljouwert is sneontemoarn om it libben kaam by in ûngemak ûnder Harns. Hy siet mei twa oare Ljouwerters yn in auto, dy't sa'n twa kilometer foar de ôfslach nei de haven yn 'e sleat telâne kaam.

De trije ynsittenden binne ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De jonge is dêr letter ferstoarn. De ferwûnings fan de oare twa falle ta.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)