Alvestêdetocht berikt einpunt

© Omrop Fryslân
De fiifentachtich lûkhynders dy't de âlvestêdetocht rûn hawwe, binne sneon oankaam by it einpunt fan 'e tocht: it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Se waarden dêr ûntfongen troch wethâlder Brok fan 'e gemeente Ljouwert.
De hynders en harren 160 begelieders binne moandei útein set yn Rinsumageast foar de tocht oer 250 kilometer. De staasje luts ûnderweis in soad publyk.