Wetter Klein Zwitserland feilich

© Omrop Fryslân
It swimferbod foar de Burgumermar by Klein Zwitserland is opheft. It ferbod wie ynsteld om't ferline wike tefolle colibaktearjes yn it wetter oantroffen waarden. Ut nije mjittings hat bliken dien dat dat no net mear it gefal is.
It is noch ûnbekend wêr't it tefolle oan colibaktearjes krekt weikaam is. It Wetterskip Fryslân docht dêr op it stuit ûndersyk nei.