Nije silo's foar betonbedriuw

28 jul 2000 - 16:41

Betonbedriuw Haitsma yn Koatstertille kriget twa nije silo's. Der wurdt op dit stuit oan wurke. De betonsilo's wurde mear as 30 meter heech.

Ek sil der in mingtoer by it fabryk boud wurde. Dy toer wurdt 35 meter heech en sil oer twa wiken by Haitsma Beton pleatst wurde. Der sil in kraan oan te pas komme moatte, om de nije silo's by it bedriuw del te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)