Ferkearsoerlêst Wytmarsum foarby

28 jul 2000 - 13:06
Foto: Omrop Fryslân

De ferkearsoerlêst yn it sintrum fan Wytmarsum is foarby. Tongersdei is de nije rotonde en de ferhege brêge by de ôfslach Penjum wer iepensteld foar ferkear.

De ôfslach stie oant no ta bekend as gefaarlik omdat der regelmjittich ûngelokken barden. Oanslutend sil no ek de strjitte tusken de rotonde en it sintrum opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)