Bewenners winne koart pleit

28 jul 2000 - 11:57

Bewenners fan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert hawwe it koart pleit wûn tsjin de gemeente. De bewenners wolle de stikken ynsjen dêr't yn stiet wêrom't harren strjitte oanwiisd is foar in opfanghûs foar dakleazen.

De stikken wurde no iepenbier makke, sa hat wethâlder Bilker tasein, mar foar de beslútfoarming makket dat gjin ferskil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)