Deadlik ûngemak Skylge
By in iensidich ûngemak op Skylge is tongersdeitenacht in 16-jierrige jonge út Holten om it libben kaam. De jonge ried neffens tsjûgen mei hege snelheid op syn brommer Landerum yn. Dêr rekke er de macht oer it stjoer kwyt, slingere tsjin in trottoirbân en fleach dêrnei tsjin in beam. It slachtoffer wie opslach dea.